Ga naar inhoud

IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

Iepen Mienskipsfûns 2024-2027 – Oparbeidzje mei de frijwilligers

It Iepen Mienskipsfûns bestiet yn de kommende fjouwer jier út trije kategoryen: Lytse projekten, Grutte projekten en Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

IMF Ferduorsumjen Mienskipsgebouwen

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de provinsje yn 2024 en 2025 2 miljoen euro beskikber foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen. It fûns wurdt twa kear foar oanfragen iepensteld, ien kear yn 2024 en ien kear yn 2025.

De earstfolgjende mooglikheid om subsydzje oan te freegjen is yn ‘e perioade fan 23 septimber oant en mei 17 oktober 2024. Subsydzje wurdt allinne jûn foar it útfieren fan op syn minst twa ûnderskate aktiviteiten, dy’t it enerzjyferbrûk fan it gebou ferminderje. Oanfragen kinne yntsjinne wurde troch stichtings en ferienings dy’t eigener binne fan, of rjocht fan opstal of rjocht fan erfpacht hawwe op, besteand maatskiplik fêstgoed foar mienskiplik gebrûk sûnder winsteachmerk.

Oanfragen wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje, besteande út ynwenners fan jo regio. Sy bepale op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje út it IMF krije. De advyskommisje hantearret de neikommende kritearia foar it beoardieljen fan it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen:

  • It ferduorsumjen (0-10 punten)
  • Besparring totale jierlikse kosten (0-5 punten)
  • Mienskipswearde (0-10 punten)
  • Bulk besparpunten (0-2 punten)

Mear ynformaasje oer it Iepen Mienskipsfûns en de beoardielingskritearia kinne jo yn ús regeling fine. Dy fine jo ûnderoan de side.

Subsydzje

Der is op syn meast € 35.000,- it projekt beskikber, oant in maksimum fan 30% fan jo folsleine subsidiabele projektkosten. De oare projektkosten sille jo dus sels, of fia oare fûnsen of oerheden (lykas it ISDE of de BOSA) finansierje moatte. Jo meie allinne subsydzje oanfreegje foar it duorsumer meitsjen fan it gebou en bykommend ûnderhâld. Dat betsjut dat ferljochting om in sportfjild hinne of it pleatsen fan in sinnegreide net foar subsydzje yn ‘e beneaming komme.

Help en advys

By it streekkantoar yn jo regio kinne jo advys freegje by it opstellen fan jo projektplan en help freegje by it dwaan fan jo oanfraach:

  • Belje of maile nei it streekkantoar yn jo omkriten. Dêr sitte tagediene adviseurs om jo te helpen.
  • Belje of maile nei ús klantkontaktsintrum fan de provinsje.

Subsydzje oanfreegje: hoe doch ik dat?

Jo kinne fia in digitaal oanfraachformulier subsydzje oanfreegje op dizze webside. Jo fine fia dizze link ek mear ynformaasje en de dokuminten dy’t jo nedich hawwe.

Wat hawwe jo foar in folsleine oanfraach nedich:

  • eHerkenning 2+
  • In projektplan;
  • In begrutting;
  • In machtigingsformulier as jo út namme fan immen oars in oanfraach dogge.

Goed om te witten:

  • Jo kinne net mear as 30% subsydzje oanfreegje.
  • Jo moatte op syn minst twa ferduorsumjende maatregels útfiere, dy’t it enerzjyferbrûk fan it gebou ferminderje.
  • Nei it ûntfangen fan subsydzje krije jo trije jier de tiid om jo projekt te realisearjen.

Projektekaart

Sykje jo foarbylden fan oare projekten, ynspiraasje foar jo eigen projekt of wolle jo jo eigen projekt pleatse? Klik dan op de ûndersteande knop.

Projektekaart