Ga naar inhoud

ALLES FOAR IN BRÛZJENDE REGIO

Streekwurk wurket oan it libbenslok yn de streek, troch gebietsrjochte projekten en inisjativen te stypjen en te fergrutsjen. Wy tinke mei, meitsje mooglik en ferbine de goede minsken, middels en organisaasjes oan in projekt. Sa krije wy ideeën fan de mienskip flugger fan de grûn en drage wy by oan de ûntwikkeling fan de streek. Us doel? Mei-inoar wurkje oan in krite dêr ‘t it libbet, dêr ‘t it brûzet. Dêr ‘t it goed wenjen, wurkjen en rekreëarjen is!

Mei-inoar meitsje wy it mooglik!
WY FERSTERKJE DE KRÊFT EN ENERZJY DY’T AL OANWÊZICH IS!

De bêste ideeën en plannen ûntsteane út de winsken en it ferlet fan de mienskip wei. In inisjatyf dat fan ûnderen op droegen wurdt, bliuwt oerein. As minsken de regy hawwe en har ferantwurdlik fiele, is it ‘wurk’ echt wat ‘fan harsels’ en ‘fan de streek’. Dêrom twinge wy neat op en nimme wy neat oer. Wy binne supporter en coach tagelyk en fersterkje de krêft en enerzjy dy’t al oanwêzich is.

WÊR KIN STREEKWURK DY MEI HELPE?

Wy helpe troch gebietsrjochte projekten en inisjativen te stypjen en te fergrutsjen.

As gongmakker helpt Streekwurk it libbensfermidden fan de mienskip maatskiplik en lânskiplik foarút. Dit is wat wy dogge:

  • Inisjativen sinjalearje en fierder bringe
  • Advisearje oer subsydzjemooglikheden
  • Projekt- en subsydzje-oanfragen begeliede
  • Kânsen keppelje
  • Oanslute by regionale gearwurkingsferbannen
  • Draachflak foar inisjativen kreëarje en fergrutsje
  • Gebietsprosessen fasilitearje

IN PROJEKTIDEE OF MEAR WITTE OER PROJEKTOANFRAGEN?

Hasto in projektidee of wolst mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan subsydzje foar in projekt? Nim dan kontakt op mei Streekwurk. Mei ús kennis fan projekten en prosessen, kinne wy dy gau dúdlikheid jaan oer de mooglik- en ûnmooglikheden. 

Wy helpe om dyn idee om te setten yn in konkreet projekt en sette dat mei dy yn ‘e stegers. Wy tinke mei, jouwe dy ideeën en advys oer hoe’tst dyn projekt suksesfol organisearje kinst en de measte ympakt hawwe litte kinst.

De projektadviseur fan Streekwurk by dy út de regio, hifket oft in subsydzje-oanfraach oan de betingsten fan ús eigen subsydzjeregelingen foldocht. Of wy organisearje budzjetten om dyn gebietsrjochte inisjatyf mooglik te meitsjen.

Ek sjogge wy mei dy hoe’t it idee fierder brocht wurde kin en hokker stappen oftst dêryn noch sette kinst.

Stel ús dyn fraach

Wêrom Streekwurk?

De skaal wêrop’t wy aktyf binne:

Wy wurkje mei oan projekten op lytse en grutte skaal, tinke en wurkje altyd gebietsrjochte en besykje derfoar te soargjen dat alle projekten safolle mooglik ympakt op de streek hawwe.

Us posysje:

Wy wurkje ûnôfhinklik tusken mienskip en provinsjehûs. Wy ferbine de winsken fan de streek mei provinsjaal belied én wy helpe mei om provinsjale ambysjes mei lokale inisjativen te realisearjen.

Us netwurk:

Wy hawwe in grut netwurk yn alle regio’s en de partijen kenne ús. Wy kinne partijen oer tema’s hinne oan inoar ferbine. Ek binne wy in ferbinende skeakel tusken provinsje en regio.

Tagong ta middels:

Wy hawwe tagong ta of witte de wei nei de middels dy’t nedich binne om ideeën te realisearjen.