Ga naar inhoud

Subsydzjeregelingen

Streekwurk hat tagong ta fjouwer subsydzjeregelingen om gebietsrjochte inisjativen mooglik te meitsjen. Hokker regelingen dat binne, kinst hjirûnder lêze. Wolst mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan subsydzje foar in projekt? De projektadviseurs fan Streekwurk advisearje dy graach oer de subsydzjemooglikheden. Ek kinne sy dy helpe by it opstellen fan it projektplan en by de subsydzje-oanfraach. Mei ús kennis fan projekten en prosessen, kinne wy dy gau dúdlikheid jaan oer de mooglik- en ûnmooglikheden. Wy helpe dy graach fierder! 

Iepen Mienskipsfûns (IMF)

Yn Fryslân brûzet it fan de inisjativen! Fia it Iepen Mienskipsfûns stelt provinsje Fryslân jild beskikber om projekten fan ynwenners fierder te helpen. Projekten dy’t bydrage oan de leefberens fan in wyk, doarp of eilân kinne yn oanmerking komme foar de subsydzje. It Iepen Mienskipsfûns (IMF) is in iepen en tagonklike subsydzjeregeling mei net folle regels. De regeling jildt foar de hiele provinsje Fryslân, foar alle regio’s.

LEADER

LEADER is in Europeesk subsydzjeprogramma foar it fersterkjen fan it plattelân. In wichtich útgongspunt is dat minsken yn it gebiet sels kieze wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet. It giet dus om projekten ‘fan ûnderen op’ dy’t troch ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes opset, ûntwikkele en beoardiele wurde. De provinsje stipet de útfiering fan it programma yn de regio’s Noardeast- en Noardwest-Fryslân.

Regiofûns

Ynwenners, organisaasjes en lytse bedriuwen út Súdeast-Fryslân mei in goed idee om de gearwurking en leefberens yn harren omkriten te ferbetterjen komme foar in subsydzje út it Regiofûns yn oanmerking. It is bedoeld om gruttere inisjativen dy’t oer de grinzen fan doarpen of gemeenten hinne geane, mooglik te meitsjen. It Regiofûns is ûnderdiel fan de Regio Deal Súdeast-Fryslân.

Budget Lokale Innovaties (BLI)

It Waadfûns ynvestearret yn projekten dy’t de mienskip yn it Waadgebiet fitaal hâlde. De subsydzjeregeling ‘Budget Lokale Innovaties’ is foar lytsskalige fernijende projekten dy’t de leefberens befoarderje en de kwaliteit fan it Waadgebiet fersterkje. De regeling stipet projekten op de Waadeilannen en yn parten fan Súdwest-, Noardwest- en Noardeast Fryslân.