Ga naar inhoud

Gedeputeerde Sietske Poepjes (voorzitter)


Sûnt 2011 bin ik lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. As gebietsdeputearre haw ik earst yn Súdeast wurke. Ein 2019 waard ik gebietsdeputearre yn Noardwest. De advyskommisje Streekwurk noardwest is in klup minsken dy ’t entûsjast binne en foar it gebiet gean, mar se binne ek kritysk en dat mei ik wol. Mei-inoar soargje we derfoar dat moaie inisjativen fan ûnderop fierder komme en sa drage we by oan in hieltyd moaier Fryslân. Dêr ’t it plezierich wenjen, wurkjen en tahâlden is. Ik haw ferskate njonkenaktiviteiten lykas bestjoerslid fan IPO, Tresoar en Waadfûns. In grutte hobby fan my is itensiede en bakke, foaral taarten. Ik bin hikke en tein yn Makkum en dêr wenje yn noch altyd mei in soad wille.