Ga naar inhoud

IMF-subsydzje foar 10 projekten op ‘e Fryske Waadeilannen

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 10 inisjativen yn de regio Fryske Waadeilannen. Yn de twadde iepenstellingsperioade fan 2022 giet der mei-inoar goed 200.000 euro nei projekten foar leefberens yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is ‘Boarters- en bistegreide Skiermûntseach’.

Boarters- en bistegreide Skiermûntseach

Provinsje Fryslân stelt 30.000 euro beskikber foar bernebuorkerij ‘de Witte Winde’ op Skiermûntseach. It is in bysûnder plak op it eilân mei twa bistegreiden en in grut tal boarters- en fitnesstastellen. It is in moetingsplak foar jong en âld. Sawol de eilanners as besikers witte it plak goed te finen. De Stichting Dier- en Speelweide wol de foarsjenning fierder ûntwikkelje mei nije boarterstastellen wêrby’t benammen bern útdage wurde om mear te bewegen. De totale kosten binne rûsd op 77.000 euro. De wurksumheden wurde noch dit jier útfierd mei de ynset fan in grut tal frijwilligers.

Tredde subsydzje-omgong IMF

Inisjatyfnimmers kinne fan 12 septimber oant 6 oktober 2022 wer IMF-subsydzje oanfreegje. Dat is de tredde iepenstelling fan dit jier. De wichtichste betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sûnt koart kinne ynwenners fan de Fryske Waadeilannen ek ideeën yntsjinje dy’t in nij proses of produkt op it eilân bringe. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

Bernebuorkerij ‘de Witte Winde’ op Skiermûntseach

Yn dit oersjoch steane alle 10 IMF-projekten fan de Fryske Waadeilannen beskreaun, dy’t yn de twadde subsydzje-omgong fan 2022 subsydzje krigen hawwe.